Aeronwy Thomas
Aeronwy Bryn Thomas-Ellis (Londen, 3 maart 1943 - Londen, 27 july 2009)[1] skriuwster en oersetter fan Italjaanske poëzy, wie it twadde bern fan de Welske dichter Dylan Thomas en syn frou Caitlin MacNamara.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Thomas-Ellis wie de ienige dochter fan de ferneamde Welske dichter Dylan Thomas en waard troch har heit ferneamd nei de Welske rivier de Aeron. Nei de dea fan har heit yn 1953 ferhuze hja mei har mem nei Sisylje en doe't dy foar de twadde kear troude nei Rome. Sy folge in oplieding Ingelsk en fergelykjende godstsjinstwittenskippen oan "Isleworth College". Yn 2003 krige hja in earedoktoraat fan de University of Wales, Swansea.
Thomas-Ellis learde Italjaansk en waard ferneamd fan har fertalingen fan Italjaanske poëzy. Sy publisearre in protte artikelen en joech oeral yn de wrâld ynterviews. Sy wie ambassadeur foar it wurk fan har heit. Nei it ferstjerren fan mem Caitlin yn 1994 wie Thomas-Ellis de wichtichste persoan dy't de oantins fan Dylan Thomas yn libben hold.
Thomas-Ellis hâlde fierder in skoft yn de omkriten fan San Francisco ta, dêr't hja in oertsjûge neifolger fan it boedisme waard en de Zenfilosofy ûntduts.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Later than Laugharne (Celtion, 1976)
- Christmas and Other Memories (Amwy Press)
- Poems and Memories (Pedrini, Turyn)
- Christmas in the Boathouse (2003)
- Rooks and Poems (Poetry Monthly Press, 2004)
- I Colori Delle Parole (Rotaract, 2007) Mei gedichten fan Aeronwy en skilderwurken fan Gianpiero Actis.
- My Father's Places (Constable, 2009)
- Nightwatch (17 gedichten) yn Poet to Poet #3 (The Seventh Quarry, 2010)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aeronwy Thomas lêst foar op poetryvlog.com
- Wales Online Yn memoriam
- TimesOnline betinkt Aeronwy Thomas
- "This is South Wales"
- Aeronwy Thomas lêst gedichten op PoetCasting
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |